Zoeken
Zoeken

Tsjil

Abonnemint op Tsjil?

Tsjil wurdt subsidiearre troch de Provinsje Fryslân en is fia www.taalplan.frl/oanmelde fergees te bestellen yn pakketten fan 15 of 30 stiks.

It Frysktalige tydskrift foar groep (6), 7 en 8!

Tsjil is in folslein Frysktalich tydskrift foar de boppebou fan it basisûnderwiis. It magazine wurdt fiif kear yn it jier útjûn en befettet û.o. koarte nijsberjochten, in koart ferhaal, in gedicht, ynterviews, puzels en in strip. In moaie kâns om Fryske teksten te brûken by  û.o. keunst en kultuer, skiednis, geakunde en boargerskip op jimme skoalle.

Mei de ynformative teksten en de byhearrende fragen, kinne de learlingen op effektive wize oan ‘e slach mei lêsbegryp. Poer geskikt foar doelmjittich taalûnderwiis, mar dan yn in Frysk jaske.

De tema’s fan Tsjil hawwe in keppeling mei de temateek fan Spoar 8 en slute oan op de ynteraktive programma-searje Tsjil Tsjekt fan Omrop Fryslân dy’t te finen is op tsjil.omropfryslan.nl.

Hasto fragen, wolst in oar learlingenoantal trochjaan of kinne wy in learling of klasse fan jimme skoalle ynterviewe?
Lit it ús witte fia tsjil@cedin.nl

De tema’s fan 2025-2026 binne:

Tema’s Tsjil groep (6,) 7 en 8

  • Septimber / oktober 2025 Us aventoer – Berneboekewike
  • Novimber / desimber 2025 Us smaak – sûker en sâlt
  • Jannewaris / febrewaris 2026 Us omjouwing – kultuer op strjitte
  • Maart / april 2026 Us keningshûs – op ’e troan
  • Maaie / juny 2026 Us koar – dêr sit muzyk yn


Foar groep 4-5-6:

  • Ein maaie/ juny 2026 Ite & drinke / Us fakânsje

 

It folgjende nûmer foar de middenbou komt yn oktober 2026 út
en sil oanslute by de berneboekewike.

Nijste edysje

Nûmer 6 | Foar de middenbou

Dizze Tsjil is krekt foar de simmerfakânsje by dy op skoalle kommen.

Dat is in moaie kâns om lekker bûten op it plein te lêzen. Fansels kin Tsjil ek mei nei hûs, om thús of op fakânsje te lêzen.

Hast net sa’n nocht om te lêzen? Meitsje dan de tropyske pankoeken of doch mei oan de trochstreekpuzel.

 

In noflike simmer tawinske!

Lês Tsjill -> 

Fragen of suggestjes

Hasto fragen, suggestjes of kinne wy in learling of klasse fan jim skoalle ynterviewe? Mail dan nei tsjil@cedin.nl!

Alde Tsjil’s fynst hjir

Jiergong 29

septimber 2025
novimber 2025
jannewaris 2026
april 2026
maaie 2026
juny 2026

Jiergong 28

septimber 2024
oktober 2024
jannewaris 2025
maart 2025
juny 2025
april 2025
juny 2025

Jiergong 27

septimber 2023
oktober 2023
desimber 2023
jannewaris 2024
febrewaris 2024
maart/april 2024
juny 2024
july 2024

Jiergong 26

septimber 2022
oktober 2022
novimber 2022
desimber 2022
febrewaris 2023
maart/april 2023
maaie 2023
juny 2023

Jiergong 25

oktober 2021
novimber 2021
desimber 2022
febrewaris 2022
maaie - april 2022
maaie 2022
juny 2022