Dit binne de finalisten fan it Sjongfestival 2018

Je bent hier: Home / Over Cedin / Nieuws en achtergrond / Een prachtige tijdelijke baan

Achtergrond

Dit binne de finalisten fan it Sjongfestival 2018

Wa wurdt dit jier de winner fan it Sjongfestival? Freed 29 juny komme wy dat te witten, want dan wurdt de grutte finale hâlden. Dit jier is alles oars as oars, grutter en mei nije eleminten. Sa wurdt de finale hâlden op it Wilhelminaplein yn Ljouwert en hawwe de skoallen de tekst fan harren liet sels skreaun. De finale begjint om 14.30 oere op it poadium fan CityProms.

 

Yn de finale steane 6 basisskoallen út Fryslân. Dy skoallen hawwe de audysjes trochstien en meie freed 29 juny stride om de winst.

 

De Kogge – Drylts – ‘Kom mar by ús’
Eben Haëzer – Dokkum – ‘It liet fan groep 7’
De Frissel – Drachtster Kompenije – ‘Freonskip boppe’
Simon Havingaschool – Snits – ‘De leukste klas van de school’
De Bonkelder – Wytmarsum – ‘Ea sil ik gean’
De Mienskip – Bûtenpost – ‘De Mienskip’

De saakkundige sjuery bestiet út sjongeres en sjongcoach Janneke Brakels, sjonger Wiebe Kaspers en sjongeres Nynke Laverman. De finale wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma en Geartsje de Vries. Raynaud is bekend fan it skoaltelefyzjeprogramma Tsjek fan Omrop Fryslân. Geartsje is bekend as presintatrise by Omrop Fryslân.

De skoallen stride, lykas oare jierren, om de Karin de Jong wikselbokaal. Fierder is der in brûnzen, sulveren en gouden mikrofoan foar de nûmers 3, 2, en 1. De opdracht oan de skoallen wie dit jier om in eigen tekst te skriuwen. Foar de skoalle mei de moaiste tekst is der in tekstpriis. Wa’t dy priis wûn hat, wurdt bekend makke yn de finale.

Neem contact op

Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..