Fakatuere Underwiisadviseur Frysk en meartaligens

Je bent hier: Home / Over Cedin / Nieuws en achtergrond / Vacature Teamleider Onderwijsadvies

Fakatuere

Underwiisadviseur Frysk en meartaligens

As in befleine Underwiisadviseur Frysk en Meartaligens setsto dy yn foar it ûnderwiis Fryske taal yn de meartalige kontekst fan Fryslân en de ambysje dat de skoallen yn Fryslân yn 2030 in folslein oanbod foar it Frysk biede (Taalplan 2030). Mei dyn fakynhâldlike kennis begeliedsto de basisskoallen om it Frysk en de meartaligens yn it ûnderwiis ta te passen. Troch dyn saakkundigens, positive enerzjy, humor en nijsgjirrigens witsto learkrêften en skoallen posityf te ferrassen.

 Foar ús Sintrum Meartaligens sykje wy op koarte termyn in entûsjaste, ambitieuze en trochtaastende

Underwiisadviseur Frysk en meartaligens
(0.8 fte)

Us achtergrûn
Cedin is in organisaasje fan befleine profesjonals mei hert foar ûnderwiis en soarch. Wy advisearje skoallen dy’t de kwaliteit fan har ûnderwiis ferbetterje wolle. Dêrneist begeliede en behannelje wy bern en jongeren yn de jeugdhulp, disleksysoarch of learlingesoarch. Alders biede wy in stipe yn ‘e rêch by de opfieding en learkrêften kinne op ús rekkenje as learlingen ekstra soarch nedich hawwe. Sa bringe wy ûnderwiis en soarch byinoar yn ‘e trijehoek Bern – Skoalle – Húshâlding.

Cedin is in stichting mei in maatskiplik doel. Wy leauwe deryn dat elke minske him ûntwikkelje kin: talinten ûntdekke en benutte, beheinings weinimme, kânsen kreëarje. Dêr drage wy oan by, al 45 jier lang.

De adviseurs fan it ekspertizesintrum Frysk en Meartaligens fan Cedin begeliede skoallen by it foarmjaan en ymplemintearjen fan in oanbod Frysk yn de meartalige kontekst fan Fryslân. Yn oparbeidzjen mei de skoallen ûndersykje wy op watfoar wize hja it Frysk en de meartaligens op har skoalle foarmjaan wolle en jouwe wy stipe by de ymplemintaasje en boarging fan de keazen rûte. It úteinlike doel is dat elke skoalle yn 2030 in folslein oanbod foar it Frysk realisearre hat.

De adviseurs organisearje ek kulturele eveneminten foar it Frysk, sa as it Sjongfestival, in sjongwedstryd foar learlingen fan de basisskoallen en it FeRstival, in foardraachwedstryd fan Fryske poëzij. Dêrneist wurkje de adviseurs as redakteur fan de tydskriften Tjil en LinKk en skriuwe dêr teksten foar. Us adviseurs primêr ûnderwiis begeliede ek de trijtalige skoallen (3TS). Op dy skoallen wurdt it Nederlâns, it Ingelsk en it Frysk neist elkoar brûkt, op sa’n wize dat bern yn in rike taalomjouwing feardich wurde yn it learen fan meardere talen.

Dyn profyl
Wy sykje in adviseur dy’t learkrêften en basisskoallen op ynspirearjende en doelrjochte wize begeliede kin by it oanbieden fan in folslein oanbod foar it Frysk. De adviseur set him ek yn foar it organisearjen fan eveneminten en it útjaan fan it tydskrift Tsjil.

Fansels hasto in deechlike fakoplieding, wurkûnderfining as (ûnderwiis)adviseur en affiniteit mei it ûnderwiis en Frysk en Meartaligens. Do fynst it útdaagjend om te wurkjen yn in merke-, servicerjochte en dynamyske organisaasje, dy’t him rjochtet op it ûnderwiis. Dy doelgroep sprekt dy oan. Krekt as wy leisto de latte heech en giesto foar it bêste risseltaat. Do wurkest transparant en sikest kânsen om dy fierder te ûntwikkeljen. Do bist advysfeardich, yn steat om selsstannich te wurkjen, hast trochsettingsfermogen en humor.

Wy sykje dy asto:

  • in akademysk tink- en wurknivo hast;
  • romme ûnderfining hast yn it (primêr)ûnderwiis, ûnderfining as adviseur is in pree;
  • by foarkar in ôfrûne akademyske oplieding ûnderwiiskunde/Frysk hast;
  • it Frysk poerbêst behearskest, sawol mûnling as skriftlik;
  • wille belibbest oan it organisearjen fan eveneminten;
  • feardich bist yn it kreatyf skriuwen fan it Frysk en yn redaksjonele wurksumheden;
  • in teamspiler bist;
  • digitaal feardich bist, mei social media en online petearen en skoalling;
  • planne en organisearje kinst;
  • in rydbewiis hast en in auto.

Wy leauwe dat elk him ûntwikkelje kin, altyd!!
Wy biede dy wurk mei in protte romte foar eigen inisjatyf, selsstannigens, klantrjochtens en fleksibiliteit. Us meiwurkers hâlde der fan útdage en stimulearre te wurden. Wy fine it wichtich dat profesjonals har ûntwikkeljen bliuwe en de kâns krije hár talinten bloeie te litten. Persoanlike groei, om’t it kin! Sa kin elke kollega fan Cedin allerhande (online) kursussen folgje en binne der it hiele jier byienkomsten wêryn’t kollega’s fan elkoar leare. Dat jout enerzjy!

Oan ‘e ein biede wy dit:
In wurkoanstelling fan likernôch 0.8 fte;

  • In kontrakt foar in jier dat by goed funksjonearjen omset wurdt nei ûnbepaalde tiid;
  • In merkekonform salaris, ôfhinklik fan dyn ûnderfining en kennis;
  • Persoanlike groei troch opliedings en training yn it yntern learlânskip fan Cedin, mar der wurde ek ûntwikkelpetearen fierd troch appreciative inquiry;
  • 8% fakânsjejild en 25 fakânsjedagen yn it jier by in folsleine oanstelling;
  • Do boust pinsjoen op by it pinsjoenfûns Zorg en Welzijn. Cedin draacht 70% by oan dyn pinsjoensopbou én do krijst in fergoeding foar dyn reiskosten.

Do silst ûnderdiel wêze fan in lyts, hecht team mei motivearre kollega’s dy’t dy hiel graach it wolkom taroppe wolle!

Wolst reagearje?
Bist entûsjast en wolst reagearje? Mail dan dyn motivaasje en CV nei Jaap Kramer, manager HRM fia personeel@cedin.nl. Wy sjogge dyn reaksje graach temjitte fóar moandei 15 maart 2021.

Wolst mear ynformaasje?
Wolst earst mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei Bernadet de Jager, teamliedster, fia 06 1274 06 38. Sy beantwurdet graach al dyn fragen.

Neem contact op

Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..