
LinKk is in tydskrift, dat seis kear yn it jier ferskynt en heart by de lessen Frysk op dyn skoalle. It stiet grôtfol mei ynterviews, celeb-roddels, gamenijs, muzykberjochten en oare linke saken.
Abonnemint op Linkk?
LinKk wurdt subsidiearre troch de Provinsje Fryslân en is fergees te bestellen yn klassesets fan 30 stiks. Bestel LinKk.

Nijste edysje
LinKk 6 – Skoalle en kieze
Wat wolsto letter wurde? It is in fraach dy’t faak foarbykomt. Ast der al lang út bist, is dat leuk. Lekker fertelle oer dyn takomstplannen. Mar ast noch gjin idee hast is it in hiel ferfelende fraach. Kieze is noch net sa maklik… Neffens Afke Boven kinst alles wurde watst wolst. Sy is sûnt koart presintatrise fan it NOS Journaal en dat hie se froeger noait tocht! Har ferhaal en beroppetips lêst op side 4.
It tema fan dizze LinKk is ‘Skoalle en kieze’. Boaz, Ype, Aldert en Finn keazen derfoar om mei harren skoalle mei te dwaan oan de FIRST LEGO League. Se bouden in robot en sa ek oan harren takomst. Want dat se in soad leard ha fan harren Lego-aventoer lêst op side 7. Learlingen fan VMBO De Jutter fan Flylân giene nei Yslân ta. Dêr praten se mei leeftiidsgenoaten út Skotlân, Grikelân en Yslân: hoe is it om op in eilân te wenjen en dêr nei skoalle ta te gean? Do lêst it allegearre yn dizze LinKk.
Alde LinKks fynst hjir
Argyf
Jiergong 2020-2021
Jiergong 2019-2020
De makkers van LinKk
De tema’s fan LinKk komme oerien mei dy yn de metoade Searje 36 foar it fak Frysk. De redaksje en útjefte fan it tydskrift is yn hannen CEDIN yn Drachten. In abonnemint bestelle of ôfsizze kin fia linkk@cedin.nl of fia https://taalplan.frl/oanmelde/.
CEDIN/Sintrum Meartaligens
Lavendelheide 21
9202 PD Drachten
(t) 0880 200 300
(e) linkk@cedin.nl
(w) www.linkk.frl