Ferstival
FeRstival is de grutste foardrachtkriich fan Fryslân, dêr’t alle jierren sa’n 100 learlingen út it fuortset ûnderwiis oan meidogge. Sûnt 1993 fersoargje adviseurs fan Sintrum Frysk en Meartaligens fan Cedin de organisaasje fan FeRstival. Sy ûntwikkelje alle jierren, yn gearwurking mei Tresoar, it boekje Fersefariaasje, dêr’t de gedichten yn steane dy’t spesjaal foar FeRstival skreaun wurde. Skoallen krije it boekje en de oprop om learlingen oan te melden alle jierren nei de simmerfakânsje.
De dosinten Frysk binne de ambassadeurs fan it FeRstival. Learlingen kinne meidwaan yn trije kategoryen: Starters (klasse 1), Trochsetters (klasse 2 en 3) en Toppers (klasse 4 of heger en studinten mbû en hbû). De winners út de foarrondes drage nochris foar yn ’e grutte finale. Dêr binne yn alle kategoryen prizen te winnen foar de nûmers 1, 2 en 3. De earstepriiswinners krije as ekstra priis in foardrachtklip.