SjONG en SjONG junior

Yn gearwurking mei oare partijen organisearje de adviseurs fan Cedin om it jier SjONG en SjONG junior.

sjong-afbeelding_04

SjONG
SjONG is foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis en fynt plak yn de ûneven jierren. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand popnûmer, folgje workshops fan muzikanten/tekstskriuwers en dogge audysje. De bêste dielnimmers geane troch nei de grutte finale. De adviseurs fan Cedin koördinearje, organisearje, fasilitearje en begeliede.

SjONG junior
SjONG junior is foar de groepen (6), 7 en 8 fan it primêr ûnderwiis en fynt plak yn de even jierren. Skoallen kinne fergees in online muzykles folgje en sa kâns meitsje op in finaleplakje. De finaleskoallen skriuwe mei de hiele klasse ûnder begelieding fan muzykprofessionals in eigen (skoal)liet. Dêrby wurde se folge troch de kamera’s fan Omrop Fryslân Tsjil. Mei dat liet skitterje se ferfolgens yn de grutte finale. De adviseurs fan Cedin meitsje lesmateriaal, hawwe kontakt mei de dielnimmers en sitte yn de organisaasje fan de finale.

Neem contact op

Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..