Maak kennis met…

Werkzaamheden

Myn namme is Anna Marije Bloem en ik wurkje sûnt 2013 as ûnderwiisadviseur “Frysk en meartaligens” by Cedin. Yn it begjin neist myn baan as dosint Frysk yn it fuortset ûnderwiis, mar sûnt in pear jier folslein. Myn deistige praktyk is bysûnder ôfwikseljend: ik train mei in ferskriklik soad wille juffen, masters en dosinten tidens de training “Klasse Frysk”, ik stypje skoallen en dosinten troch hiel Fryslân, ûntwikkelje mei myn kollega’s lesmateriaal foar sawol “LêsNo” as “Searje 36”, organisearje eveneminten lykas “SjONG” en it “WOW kongres” en doch presintaasjewurk. Yn myn rol as skoalstiper wurkje ik gear mei direksjes, skoallieders en dosinten. Sawol yn it regulier as it spesjaal ûnderwiis. En fanút “Taalplan Frysk 2030” hawwe wy mei Cedin in yntinsive gearwurking mei ús kollega’s fan de Afûk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Fers, Keunstwurk, Semko en de Provinsje.

Ik stean bekend as in entûsjaste “ideeën masine” en sjoch oeral kânsen en mooglikheden. Myn grutste driuwfear is myn passy foar it Frysk; de taal fan myn hert. Ek set ik my mei in soad leafde en kompasje yn foar oare talen fan it hert, lykas it Arabysk, Oekraynsk of Farsy. Dyn taal seit wat oer wa’tsto bist, wêr’tst wei komst en hinne wolst. Ik tink graach mei skoallen nei oer hoe’t we dy rykdom oan talen in betsjuttingsfol plak jaan kinne yn de deistige praktyk. It aldermoaiste oan wurkjen yn it ûnderwiis is it kontakt mei minsken; en seker mei pubers. Sadree’t ik in mooglikheid sjoch om in gastles te jaan, dan gryp ik dy kâns mei beide hannen. Ik sjoch út om ek mei jim skoalle oan ’e slach te meien. Graach oant sjen!

Wat anderen zeggen

Docent bovenbouw VMBO: “Omdatsto sels yn it ûnderwiis wurkest, witsto presys wat ik nedich haw. Ik bin sa bliid mei dyn ûndersteuning, om’t ik hjir daliks mei oan ’e slach kin.”

Docent onderbouw VMBO en HAVO/VWO: “Jim witte wat it ûnderwiisfjild nedich hat. It materiaal dat jim meitsje slút hielendal oan by de belibbingswrâld fan de bern. Myn kollega’s binne allegear jaloersk op myn digitale metoade; ik rin fier foarop op skoalle.”

Teamleider in het project “Basisvoorziening+”: “Dyn entûsjasme en passy foar watsto dochst, wurket hiel ynspirearjend. Wy hawwe ek sin om mei te dwaan oan dit projekt.”

SPECIALISATIES

  • > Onderwijsondersteuning en advies docenten Fries
  • > Meertalig voortgezet onderwijs
  • > SjONG, LinKk, LêsNo, FeRstival
  • > Methodeontwikkeling Searje 36
  • > Basisvoorziening+
  • > Schooltelevisie
Neem contact op

Heb je vragen over de dienstverlening van Cedin? Stuur ons een bericht en we nemen zo spoedig mogelijk contact met je op.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..