Abonnemint op Tsjil?
Tsjil wurdt subsidiearre troch de Provinsje Fryslân en is fia www.taalplan.frl/oanmelde fergees te bestellen yn pakketten fan 15 of 30 stiks.
It Frysktalige tydskrift foar groep (6), 7 en 8!
Tsjil is in folslein Frysktalich tydskrift foar de boppebou fan it basisûnderwiis. It magazine wurdt acht kear yn it jier útjûn en befettet û.o. koarte nijsberjochten, in koart ferhaal, in gedicht, ynterviews, puzels en in strip. In moaie kâns om Fryske teksten te brûken by û.o. keunst en kultuer, skiednis, geakunde en boargerskip op jim skoalle.
Mei de ynformative teksten en de byhearrende fragen, kinne de learlingen op effektive wize oan ‘e slach mei lêsbegryp. Poer geskikt foar doelmjittich taalûnderwiis, mar dan yn in Frysk jaske.
De tema’s fan Tsjil hawwe in keppeling mei de temateek fan Spoar 8 en slute oan op de nije ynteraktive programma-searje Tsjil Tsjekt fan Omrop Fryslân dy’t yn oktober 2022 fan start giet.
Hasto fragen, suggestjes of kinne wy in learling of klasse fan jim skoalle ynterviewe?
Mail dan nei tsjil@cedin.nl

Nijste edysje
Nûmer 3 | novimber 2022
Yn Tsjil 3 is it tema: Op ‘e planken. Wat dat betsjut? It is in oare beneaming foar optrede en toanielspylje. Foarhinne diene minsken dat op in ferheging fan planken. No neame we dat in poadium. It tydskrift stiet fol mei ferskillende keunstfoarmen en sels Jelte, Morris en Jamilla dogge der dizze kear oan mei!
Fryslân hat in grut ferskaat oan bekende en minder bekende artysten. We kinne net allegear akteur, sjonger of keunster wurde mar ien ding is seker; elk hat in talint! Binne jim bygelyks op skoalle wolris oan it toanielspyljen? Spesjaal foar de groep 5-6 en 7-8 binnen der hiele moaie Praat mar toaniel!-boekjes makke. Kinst se bestelle fia de webshop fan Taalplan Frysk mar kinst it ek ris fergees besykje as in lisinsje fan Spoar 8 hast. Sykje dan eefkes ûnder ‘projekten’.
Fansels fynst yn dizze Tsjil ek wer in moai gedicht, in ynterview, in koart ferhaal, in puzelside en in soad aardige weetjes.
Fragen of suggestjes
Hasto fragen, suggestjes of kinne wy in learling of klasse fan jim skoalle ynterviewe? Mail dan nei tsjil@cedin.nl !